U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 

 

 Sleatsje springe mei de jeugd; in hiele útdaging!

 

Nei de earste sprongen by in droege greppel by Boskein kaam no it echte wurk. Hjir stiet wetter yn en dat is kâld.
Der wat tsjinoan skytskoarje mar nei de lêste oanwizings  sil it dochs wurde.

 
Timme is net bang en giet as earste. Hy komt droeg oer de sleat.

 
Jelle mist de wâl en krekt net trochwiet.


Timme syn suske weaget de sprong mar wit noch net at alles goed gean sil. Hja bliuwt droeg.

 Altyd de pols fêsthâlde wie ien fan de ynstruksjes, dêr hat Timme goed nei lústere sa te sjen.

Jelle syn heit hat it destiids in protte dien en it giet him noch goed ôf.

Har broerke sjucht it ris oan mar Jelle syn mem stiet klear om har op te fangen.

Komt dit goed? Ja, mar Timme gie der letter wol yn.

 It is ek bêst wol moai wurk, hannen wiet meitsje, de pols op it goeie punt sette en nei de oar kant springe.

 

 Op nei in bredere sleat en in gruttere útdaging. ( sjoch it filmke foar dit baren)

 It komt der op oan mei sokke swiere mannen, mar de pols hat de boereplons oerlibbe.

 

Timme en Jelle krije earst droege klean oan, Timme syn suske is net wiet wurden.
It wie foar de bern in hiele oerwinning om it te dwarren en wy sille dit wol wer ris dwaan.
Sels de âlders  kinne meidwaan as hja dit doarre.