Stienbarmkes ( Barmsijs) yn de Wâlden
Grutte Stienbarm
De lêste wiken binne der hiele grutte groepen fan soms wol in pear hunderd stienbarmkes te sjen yn de Wâlden.
Putter
Yn de groepen sitte ek sa no en dan wol putterkes en syskes, dy't itselde gedrach fertoane.
Syske
Hja binne foaral te finen yn elzebeammen wêr't hja it sied út de âlde elzeproppen pikke.
Ek sitte hja wol op de grûn as der nei hurde wyn in protte proppen út de beammen waaid binne.
Foto's en tekst Jappie Seinstra.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
See-earnen yn de Wiinser Polder
Op sneon 21 oktober seach Johan Hellinga twa see-earnen tusken Oentsjerk en Wiins.
Jappie Seinstra kaam der oan te pas om mei "swier" materiaal dizze foto op ôfstân te meitsjen.
Halsbânparkiten yn Oentsjerk
In nije soarte yn de Trynwâlden.
In eksoot út de buert fan Amsterdam is de ôfslútdyk oerflein om him hjir yn Oentsjerk oan de Dr. Kylstrawei te nesteljen.
Dizze melding is fan Hidde Luinstra
Grutte Klikstinzen.
Moandeimiddei, 9 septimber, seach ik twa Grutte Klikstinzen (reuzenstern) yn It Bûtefjild (Oer de Wiel).
It wie in âlde mei in jong.
Hjir in foto fan it jong.
"Broedt in kolonies of solitair, meestal op afgelegen, lage, voor de kust gelegen eilanden", neffens de ANWB-gids
En dan meast op eilannen yn de Eastsee.
Tekst Jappie Seinstra
See-earnen boppe Gytsjerk
Op 6 septimber seach Max Slingerland twa see-arnen by it Canterlân fleanen.
De wite sturt is dúdlik op de foto te sjen.
Foto Max Slingerland.
Jan Jelle Jongsma do, 16 febr. 2017:
2 zeearenden in de # Ryptsjerksterpolder bij It FryskeGea.
Hja komme nij ús ta, dizze grutte jonges. Dan hoege wy ek net mear nei it bûtenlân om se te sjen.