Welkom op de website van Fûgelwacht Trynwâlden

 
 

Fjildrop sjocht it ljocht yn 1981

Der is by de oprjochting fuort úteinsetten mei in Mededelingenblad foar de fûgelwacht. Yn it earstoan in skoftsje trije as fjouwer kear yn’t jier, mar al ridlik gau twa kear yn’t jier. It bestjoer hie in priisfraach útskreaun om in moaie namme foar it blêd te krijen. Dat wie net ienfâldich. Der kamen wol wat reaksjes, mar hja kamen der earst net rjocht út. Mar yn de maaitiid fan 1981 is dochs in kar makke: de Fjildrop. Der wie ek in argumentaasje bij de namme yn de foarm fan in koart gedicht. Dat gedicht gong sa:

It fjild ropt de aaisiker

maaityds by de kachel wei.

It fjild ropt him dêrnei om help.

Yn’t fjild ropt eltse fûgel syn lûd.

Skril is de rop boppe it folle nêst

as de minske by it nêst omstrúnt.

Lûd ropt it fjild yn de stille winter.

Stil is dan de rop fan de fûgel.

Lit dit de fjildrop wêze

sa ’t it yn ’t fjild wêze moat

fan wa en wannear dan ek.