U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

 Ulen loslitte yn de Trynwâlden

 

Nei dat 6 ringers sa’n 50 ûlen by de Fûgelhelling ringe hawwe komt Pyt mei in auto fol ûlen oan by de Klinze bosk om se los te litten. Johan, Albert en Kees binne der by om te sjen en te helpen.

 

Yn de doazen sitte 10 hoarnûlen (ransuil), 11 goudûlen (kerkuil) en in spantsje  wâldûlen ( bosuil) De oare ringe ûlen binne nei Hallum gien.

 

De wâldûlen wiene foar de Klinze bosk bedoeld. Hjir hat earder in spantsje sitten. It is noch wol wat in gewraksel om se út de doaze te krijen.

 

De flerk fan de wâldûle is krêftich mar koart neffens dy fan oare ûlen. Syn poaten binne tsjokker en de snaffel is skerper. De kniep mei syn skerpe klauwen is ek krêftiger, hawwe wy wol fernaam. Utsjen dus.

 

Dêr giet it wyfke har twadde kâns temjitte.

 

Albert lit it mantsje los mar dy hie it wol nei it sin of woe earst sjen wer hy hinne sil. Dochs mar efter it wyfke oan.

 

De nije eigener, Dirk fan der Meulen, wie tige wiis mei de nije bewenners fan de bosk. Hjir litte wy noch in hoarnûle sjen.

 



Dêr giet de fûgel de nacht yn, frij en it op’e nij besykje.

 

Kees liet it lûd fan de wâldûle op syn telefoan hearde. Ien oanwêzige tocht dat it de rôp fan it frijlitten wyfke wie.

 

De oare ûlen hawwe wy loslitten by de Ekkelreed yn Mûnein. Moai sintraal yn de Trynâlden.

 

Earst alle doazen út de auto en klearsette.

 

Foarsichtich iepenmeitsje. Yn sommige doazen sitte twa.

 

Inoar noch in kear goed yn de eagen sjen.

 

En dan binne se los yn de nije omjouwing. It binne hast allegearre jonge ûlen fan dit jier. By de hoarnûle is dat te sjen oan de strepen op de boppekant fan de fearren. Hoe mear strepen (7 yn it earste jier)) hoe jonger.

 

Johan en de ûle skrikke suver wat fan it felle flitsljocht.

 

Dizze is los en set ôf rjochting de Kijlstrawei. Nei in heal oere moatte se sels muzen fine en pakke kinne as hja út finzenis komme.

 

Johan hat hjir de earste goudûle te pakken. Noch al in drokke fûgel.

 

Dit hoarnûltsje hat der wol nocht oan, is ek goed helder.

 

Noch in pear tellen en dan fleant dizze fûgel efter de oaren oan. Nei in skoft yn in koai sitten te hawwen is dit it bêste foar de fûgels.

 

En dêr giet hy of sy. In mantsje hat in spierwite ûnderkant fan de flerk. It wyfke hat der wat read brune kleuren trochhinne.

 

Hjir hat yn goudûle Pyt te pakken. En dan litte se net sa maklik los.

 

De lêsten, allegearre goudûlen, wurde mei inoar loslitten.

 

Johan syn ûle hat him goed fêst, sa te sjen.

 

Nei ôfrin hawwe wy yn Jonny’s Place by Johan gesellich neipraat mei in bierke en de houtkachel oan.  De nachtploech fan de Fûgelwacht Trynwâlden hat de put der út. It falt wol op dat de "baron" fan de Douwelâne in grutter fleske fan in oar merk hat as de oaren. Hawar, it wie in moaie jûn.

 

 

No mar hoopje dat de loslitten fûgels it wêr rêde.
Mochten jimme it lûd fan de wâldûle hearre yn de Klinze, dan soenen wy dat graach witte wolle.
Dat kinne jo trochjaan op:  educatie@fugelwacht-trynwalden.nl

                        De lûden kinne jo fine fia Google . De namme fan de fûgel oanjaan en “geluid” ( bosuil geluid )     klik hjir

                        Foto’s:  Hans Dijkstra     Tekst: Pyt fan de Polder.