U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Jeugdleden mei nei it tsjerkje fan Gytsjerk.

 







 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Yn de toer fan dizze  tsjerke sit wat hiel bysûnders en dit kin wolris de ienige tsjerke fan Fryslân wêze wêr't se yn sitte te    brieden en wêr't no jongen yn sitte. Wy hawwe it oer Goudûlen! In het Nederlands: Kerkuilen. It moment is kaam om de    jongen te ringjen en der foar hawwe wy in pear jeugdleden fan de fûgelwacht frege om hjir by te wêzen. Under begelieding      de toer yn om dit mei te meitsjen. Ek nijsgjirrich?  Hjir ûnder binne de foto's fan de klim nei boppe en dit bysûndere barren.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 De gasten, Finn, Jurra en Amber en de Oma fan Finn en Amber komme oan by it tsjerkje, hiel nijsgjirrich wat harren te wachtsjen stiet.

 

Noch nea yn dizze tsjerke west, dan is alles nij. Ek in spegel. De earste trep giet noch wol, mar der sille  mear komme.

 

 

Dizze ljedder is al in stik langer. Kalm oan, dan kin der neat barre.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De earste spannende souder is berikt, der lei al in deade toerswel. Dizze fûgel sjucht ek net elkenien fan sa tichte by.

 

Der falt wol wat oer de koarte poatsjes en de lange flerken te fertellen. En as dizze swel op de grûn komt kin hy net wer út himsels omheech komme. En dan giet hy dea, krekt as dizze. Se binne derom ek altyd yn de loft as op in heech dak.

 

 

Mar wy moatte noch heger om by de goudûlen te kommen. Wy binne no hast yn it oare diel fan de toer. De trep bringt ús op        in souder wêr't it waar mear te fernimmen is. Der leit stront en spuiballen (braakballen) fan de ûlen. Wy komme yn de buert!

 

Hoe heger de bern komme hoe mear de spanning tanimt. Wat soe hjir te sjen wêze?

 

De beide fammen witte it al. No Finn noch.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De lêste trep. It wurdt allegearre wat krapper en spannender.

 

 

Njonken Jurra hinget de grutte klok, as dy no mar net begjint te lieden! It giet goed, wy hawwe neat heard.

 

Amber is fol spanning dwaande dizze ljedder te betwingen mei de eagen rjochte op it plak wêr't wer mear te sjen is.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wy binne no yn it puntsje fan de toer. It lûkje wêr't de grutte flagge ta út stutsen wurde kin stiet iepen. Dan hawwe wy mear ljocht en frisse lucht, it stjonkt dêr nochal wat. De bak is ek iepen makke en de ûlen kinne der út helle wurde.

 

Dêr is de earste en de ienige. Der hiene trije yn sitte moatten! Wat is hjir bard? Mei de noas ticht knepen wurdt dizze wite dûnsbal bewûndere. It is de earste jonge goudûle dy't de bern sjugge.

 

Pyt leit út hoe it lûkje wurket mei dat toutsje der oan. Wy kinne dan in ferdjipping leger de bak ticht sette sadat de ûlen troch ús lawaai net te gau út de bak komme kinne. Oars soenen de fleanflugge fûgels te gau út de bak fleane.

 

Mei bewûndering wurdt de jonge goudûle besjoen. Wy nimme it "uilskuiken " mei nei ûnderen om him as har in ring te jaan.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Op dit plak hawwe wy de romte om te ringjen. Mei de ûle noch yn de tas wurdt it alles klear lein.

 

 

Hjir hat de jonge ûle Pyt mei de skerpe klauwen te pakken. Hoe jong se ek binne, it heakket wol ris efkes.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



It ringjen is slagge en de bern in belibbing riker. 
Fan it ringjen sels op souder is ek in fideo makke en dy kinne jo hjir ûnder besjen.

 

Foto's en fideo: Hans Dijkstra

Tekst: Pyt van de Polder