U gebruikt een verouderde browser. Wij raden u aan een upgrade van uw browser uit te voeren naar de meest recente versie.

Folle moanne kuier tusken Oentsjerk en Readtsjerk mei de Fûgelwacht Trynwâlden.

 

 '

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De earste nachtdravers binne der al, benijd nei wat der barren giet.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wy binne der allegearre en it kin nij in pear ynstruksjes oer bûslampen, stil wêze om te lústerjen en sa wol heve.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Op wei troch it tsjustere Stania State, oer de Reade Singel nei de Rodondendronfallei.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It is goed tsjuster en gjin moanne te sjen. Dat makket it noch spannender. Wat soenen wy tsjinkomme? Ek ûlen ?
Dat soe moai wêze. It is yn de natoer altyd ôfwachtsjen wat der te belibjen is.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Healwei's oan de poeiermolke en in stik koeke, lekker warm mei sa'n kâlde jûn.
Wy kamen wol in Mûzebiter tsjin. Dy hong mei in flerk oan in takke.
Doe't wy der by kamen rekke de fûgel los en koenen wy him pakke en wer yn in beam setten.

 

De bern hawwe it sa te sjen wol nei it sin.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It spul wer opromje en dan mar wer fjirder, troch Turkije en Grikelân.

 

Troch de Hazekûle op nei de Earnebuorren en sa wer werom oer de Reade Singel nei Stania State.

kj De beide beppe's soargen der foar dat der net ien berntsje yn it bosk achter bliuwe soe.

 

En ja, der binne se dan de ûlen !! Wy hienen se al earder fleanen sjoen en roppen heard mar dêr siet der ien yn it moanne
ljocht nei ús te sjen. Sil wol tocht hawwe, wat foar drokte is dat hjir?

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De radio fan Hans en de ûlefluit dogge fertuten, dêr kamen se op ôf.

 

Noch ien kear it lûd neidwaan en dan goed lústerje as de ûlen ek werom roppe.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Noch ien kear de jeugd mei memmen en beppe's op de foto en dan op nei hûs. It wie moaie belibbing.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It sit der op, de bern wer nei hûs en Pyt soe noch by de Mûzebiter lâns om te sjen hoe as it der mei is. 
It bist wie alwer út de beam wei flein en mankearre dus neat, lokkich mar.
It wie in spannende tocht troch de bosken, wy hawwe de moanne sjoen, de ûlen heard én sjoen en sels in
Mûzebiter, wa hie dat tinke kinnen.

 

 

Wat is der dan moaier om nei san tige slagge kuier ûnder it genot fan in drankje even nei te praten yn de lytse seal fan Stania State.
Om dit foar noch mear bern  mooglik te meitsjen, sil de Fûgelwacht Trynwâlden sok soarte fan aktiviteiten  yn 't  nije jier wol wer ris organisearje.

Alders en beppe's tige tank foar it begelieden fan de bern.

Tekst Pyt van de Polder
Foto's Hans Dijkstra